Steatslotten rôversguod

Drokte mei lotteferkeap yn Stiens
Friezen wolle ek in gokje weagje yn 'e Steatslotterij dêr't tongersdeitejûn 25 miljoen euro te winnen is. De lêste lotten giene tongersdei rap oer de toanbanken. De winkels hawwe it yn tiden net sa drok hân mei de ferkeap fan lotten.
By de Primavera yn Stiens koene oant 1 oere lotten kocht wurde, want doe sloech de ferkeapmasine út. De teller stie op 850 ferkochte lotten. By de winkel is alris earder in priis fan 50.000 euro fallen.