Lopes ferhierd oan FC Volendam

Cecilio Lopes
Cecilio_Lopes spilet takom seizoen foar FC_Volendam. De Hearrenfeanspiler wurdt foar in jier ferhierd oan de club dy't ferline kampioen waard fan de earste divyzje.
Lopes kaam yn 2006 ûnder kontrakt by Hearrenfean. It earste jier waard er ferhierd oan Sparta. Troch in swiere blessuere wie er foar it ôfrûne seizoen foar mear as in heal jier útskeakele. Dêrtroch hat Lopes gjin wedstriden spile yn it earste alvetal. Lopes hat noch in kontrakt oan 2010.