Replika Willem Barentsz-sloep

10 jul 2008 - 15:54

De bou fan in replika fan in sloep fan Willem_Barentsz op Skylge is hast klear. Mei de sloep besocht de Skylger yn 1597 fan it eilân Nova_Zembla ôf te kommen.

Frijwilligers hawwe it boatsje neiboud, sadat jongerein dizze simmer der ek echt mei farre kin. De replika is betelle troch rederij Doeksen. Dy fiert dit jier it 100-jierrich bestean. Yn museum ´t_Behouden_Huys yn West-Skylge is de eksposysje Heen ende Weer oer Willem_Barentsz iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)