Truck rjochtút op rotonde

10 jul 2008 - 13:17

Tusken Surhústerfean en de A7 binne tongersdei by in ûngelok trije minsken ferwûne rekke. Om kertier oer alven ried in frachtauto rjochttroch op in rotonde yn De Skieding en botste in auto op in frachtwein op De Skieding. Dat wie by de ôfslach nei de Folgerste_Loane.

De trije ynsittenden fan de auto rekken wûne. In traumahelikopter en de brânwacht joegen earste help. It ferkear tusken de rotonde by de Folgerste_Loane en de A7 lei stil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)