Bysûndere flinter komt werom

Feanheaflinter. Foto: J.Bouma-Litjens
Yn Fryslân en Drinte binne de ôfrûne wiken tûzenen feanheaflinters teld. Dat hat de Universiteit van Wageningen bekendmakke. De witterskippers binne dêr wiis mei, omdat de feanheaflinter ien fan de meast bedrige deiflinters fan Nederlân is.
Earder kaam it bist ek yn Noard-Brabân en Gelderlân foar, mar dêr wurdt er net mear sjoen. Yn hokker feangebiet yn Fryslân de flinters krekt libje, wol de universiteit net sizze.