Plysje pakt oerfallers op

10 jul 2008 - 09:07

De plysje hat woansdei oan it begjin fan de jûn fjouwer Rotterdammers oanhâlden dy't fertocht wurde fan in oerfal op in wente yn Grinslân. Dat oanhâlden mei lutsen pistoal waard dien troch twa plysjeminsken op de A7 tusken it Hearrenfean en de Jouwer flak foar it ferkearsplein.

De Grinzer plysje hie trochjûn yn hokker auto en mei hokfoar kenteken de oerfallers ûnderweis wiene. De manlju binne stap foar stap de auto útpraat en oerdroegen oan 'e Grinzer plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)