LTO: skaf superheffing ôf

© Omrop Fryslân
As de superheffing net gau ôfskaft wurdt ferliest Europa de slach om de molkeproduksje fan Amerika. Siem-Jan Schenk fan 'e LTO sei dat woansdei yn Piaam. Troch it molkekwotum profitearje de boeren yn Europa en ek yn Fryslân te min fan 'e grutte fraach nei suvelprodukten op de hiele wrâld.
Europa wol it molkekwotum yn 2015 ôfskaffe, mar de LTO fynt dat te let. Boeren yn Nederlân - en seker dy yn Fryslân - soene maklik 20 % mear molke produsearje, sa seit de LTO.