Molkpriis sil mear skommelje

09 jul 2008 - 16:02

De molkpriis sil yn de takomst mear skommelje. Sa kin it wêze dat it iene jier 25 sint de liter betelle wurdt, it oare goed 50. Dat ferwachtet de LTO. De merk foar molke wurdt stadichoan frijjûn. Boeren sille dêrom rekken hâlde moatte mei de priisskommelingen.

De LTO presintearre tiisdei de molkpriisfergeliking 2007. Ut de sifers docht bliken dat de boeren yn trochsneed 33 sint de liter krigen, in heger priis as yn 2006.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)