Gasjild foar kompinsaasje skea

"it noarden moat mear gasjild krije"
De provinsje moat mei mooglik ekstra jild út de ierdgaswinning in goeie kompensaasjeregeling meitsje foar minsken en organisaasjes dy't skea hawwe fan de winning. Dêrfoar pleitet asksjegroep Willem Beton.
Kommissaris Jorritsma hat ferline wike yn Heech sein dat it noarden mear gasjild krije moat. No giet ien persint fan de opbringst nei it noarden ta, dat soe neffens him omheech moatte nei twa of trije persint.