Drint riidt 184 op Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdeitejûn op de Ofslútdyk it rydbewiis ynfoardere fan in 50-jierrige man út it Drintske Donderen. De bestjoerder hy ried by in snelheidskontrôle mei in lasergun del mei in gong fan 184 km yn ´e oere. Dêr is 120 kilometer it maksimum.
De bestjoerder krige in stopteken. It rydbewiis fan ´e man waard ynnaam. Ek is der in prosesferbaal opmakke. 184 km is net in rekord op de Ofslútdyk. Earder dit jier ried in Deen mei 253 km yn ´e oere oer de dyk.