Frjentsjerter bedriuw oernaam

Water-Land Bevrachtingen is oernaam
It bedriuw Water-Land_Bevrachtingen út Frjentsjer is oernaam troch de trije direkteuren. Dy hawwe de oandielen fan it bedriuw foar in ûnbekend bedrach kocht fan NV_Niba yn Arnhem.
Water-Land_Bevrachtingen hat neist de haadfêstiging yn Frjentsjer ek kantoaren yn Ljouwert en Harns. It bedriuw fersoarget de befrachting fan binnenfeartskippen. Water-Land Bevrachtingen bestiet goed tritich jier.