Earste bewenners nei Techum

© Omrop Fryslân
De earste takomstige bewenners fan de Ljouwerter wyk de Súdannen hawwe tiisdei de kaai fan har nije wenning krigen. Yn septimber wurde de earste kaaien pas feestlik oanbean oan de keapers, mar fan no ôf kinne de nije bewenners al oan it ynrjochtsjen.
De earste 47 wenning stean yn it plangebiet Techum dat boud is as in buorskip. Yn de wyk wurde de kommende jierren meiïnoar 2000 wennings boud. As alles klear is, wenje der goed 6000 minsken.