Hynsteconcours Surhústerfean

Yn Surhústerfean binne de tariedings foar it concours hippique sûnt moandei yn folle gong. It hynstesportevenemint fynt plak op in terrein oan 'e Grinzerstrjitwei. Goed trijehûndert hynders en in tal hynders mei tugen komme dêr woansdei yn aksje.
It terrein is troch de rein frij wiet, mar dat liket net echt in probleem te wurden. Neffens de organisaasje wurdt it wol nachtwurk foardat alles klear is foar it concours fan woansdei.