Taksybedriuw lilk op gemeente

08 jul 2008 - 15:24
  • Taksybedriuw Nuis is lulk

Taksybedriuw Nuis is lulk op de gemeente Opsterlân. Sûnt twa jier ferfiert it bedriuw bern yn ´e gemeente nei spesjale basisskoallen. It kontrakt soe ferlingd wurde kinne, mar de gemeente wol der neffens it taksybedriuw fanôf.

Opsterlân tinkt deroer âlden sels it ferfier foar de bern regelje te litten. Dat soe de gemeente 3500 euro besparje. De gemeente nimt woansdei in definityf beslút oer de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)