Angelders steure beropsfeart

08 jul 2008 - 12:11

De Sportfiskfederaasje Fryslân ropt de leden op rekken te hâlden mei de beropsfeart. Binnenfeartskippers hawwe by de plysje klage oer gefaarlike situaasjes, wêrby't boatsje-angelders harren yn 't paad sieten. Dat wie benammen sa op it Prinses Margriet kanaal en op 'e Snitsermar.

Fiskers ankerje bygelyks te ticht op 'e fargeul of deryn. Ek wurdt in fisktechnyk brûkt wêrby it boatsje hiel stadich achterútfart. It liket dan dat it de ferkearde kant opfart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)