Weening set tiidrit siik út ein

Pieter Weening
Hurdfytser Pieter_Weening fan De_Harkema is de fjirde etappe fan de Tour_de_France, in tiidrit, siik út_ein_set. Hy hat te krijen mei búkgryp, mar neffens de ploech falt it ta. De kâns dat er útfalt, is net hiel grut.
Weening hoecht tiisdei yn de 29 kilometer lange tiidrit net folút te gean. Neffens foarljochter Luuc_Eisenga beskôget Weening de dei as in ferkapte rêstdei.