SC Hearrenfean set wer útein

Pedro Beda mei ek wat letter komme
SC_Hearrenfean begjint tiisdei oan de tarieding op it nije seizoen. In tal spilers sil dêr net by wêze. Danijel_Pranjic, dy´t mei Kroaasje it EK spile, hat langer fakânsje en dat jild ek foar Michael_Bradley en Paolo_Henrique. De nije Brazyljaan Pedro_Beda mei ek wat letter komme, om´t de Brazyljaanske kompetysje langer trochrûn.
De nijelingen Milan_Kopic en Goran_Popov binne wol foar it earst yn aksje te sjen.