Prosesferbaal foar ringslangen

de slangen yn Groen syn kontener
De plysje hat prosesferbaal opmakke tsjin Wiebren_Groen út Beetstersweach. Him wurdt it fersteuren fan in nêst en it deameitsjen fan slangen te_lêste_lein. Groen fûn ferline wike yn syn tún in nêst mei ringslangen. Doe´t er dat opromje woe waard er oerfallen troch it grutte tal ringslangen.
Omdat Groen benaud wie foar syn bern, sloech er in tal slangen dea. Hy smiet ek slangen yn it Alddjip by De_Sweach. De aksje fan Groen wie net nedich, sa fine slangesaakkundigen.