Kortenhorst begjint 'skytaksy'

08 jul 2008 - 08:58

It eardere Fryske keamerlid Roland_Kortenhorst presintearret tiisdei syn nije luchtfeartbedriuw Jetsupport. Dat docht er op Skiphol. Kortenhorst wennet op ´e Jouwer. Hy wie oant it ôfrûne wykein Twadde Keamerlid foar it CDA.

It nije bedriuw moat foaral de saaklike reizger betsjinje op fluchten yn Europa. It giet dan benammen om it ynternasjonaal wurkjende bedriuwslibben.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)