Defibrilators foar úthoeke

De defibrilator
De wurkgroep Zesminutenzone wol dat alle seis doarpen yn de Grutte_Feanpolder by Wolvegea in defibrilator krije. It giet om de doarpen Skerpenseel, Spangea, Slikenboarch, Langelille, Munnekebuorren en Nijetrine.
Omdat der yn it Grutte_Feanpoldergebiet no pas nei fyftjin minuten in ambulânse is, kin in defibrilator in soad libbens rêde. Yn elts doarp wurde sa tusken de tsien en fyftjin frijwilligers socht.