PIN-steuring yn Ljouwert

07 jul 2008 - 16:43
  • Pinne út jildautomaten koe noch wol

Bedriuwen yn Ljouwert dy't har pinferbining by KPN hawwe hiene moandei fan 10:30 moarns oant 14:45 middeis lest fan in earnstige steuring. Troch in steuring yn in ferdielkast wie it pinferkear by bedriuwen of winkels net mooglik.

Jild pinne út jildautomaten koe noch wol, mar net pinne kinnen by de kassa yn de supermerken soarge ek foar de nedige problemen. Yn 'e rin fan 'e middei wie de pinsteuring wer oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)