Boete foar kantoar Postmus

07 jul 2008 - 11:55

Administraasjekantoar Postmus op Skylge hat in boete oplein krigen fan de Autoriteit Financiële Markten, de AFM. It kantoar docht neffens de AFM wurk dêr't it gjin fergunning foar hat. Om dat út te finen wol de AFM ynformaasje fan it kantoar, mar dat hat dat oant no ta noch net jûn.

Foar alle dagen dat it kantoar no noch net oan it fersyk foldocht moat 4.000 euro betelle wurde. Dy boete kin oprinne oant op syn meast 80.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)