Fandalisme op 'e Gordyk

07 jul 2008 - 09:18

Yn de nacht fan sneon op snein binne op 'e Gordyk en yn de omkriten fan Jobbegea ferskate saken fernield. In ferkearsboerd op de Heeringastrjitte waard ôfbrutsen. Op it fytspaad rjochting Jobbegaa moast in oar ferkearsboerd it ûntjilde.

Op de Gordyksterwei flak foar de ôfslach nei de Alberdawei, better bekend as de Singel, waard in peal mei sinnepanielen folslein fernield. Der is noch gjin spoar fan 'e dieders. Tsjûgen kinne har melde by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)