FK mestklimmen skrast om rein

De mêst wie te glêd(foto Martin de Jong)
It 40e Frysk Kampioenskip Mestklimmen yn Akkrum foel sneon yn it wetter. Fanwege oanhâldende storein koe de organisaasje net oars as healwei de jûn de wedstriid stillizze. 800 man publyk en 135 dielnimmers hiene doe al mear as in oere om 'e nocht wachte op bettere omstannichheden.
De organisaasje naam it beslút fanwege de feiligens. It die bliken dat de mêst te glêd wie om goed omheechklimme te kinnen. Mooglik komt der letter dit jier in nije datum foar it FK.