Autorider mei drugs oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn op It Hearrenfean in man út Sint Jânsgea (26) oanhâlden op fertinking fan it riden ûnder ynfloed fan drugs. Ek soe de man de drug GHB by him hawwe. Ek syn passasjier, in doarpsgenoat (18), hie GHB by him. In foarbygonger hie de plysje op de manlju wiisd.
De auto stie stil en de sjauffeur lei mei de holle op it stjoer. De byrider besocht him wekker te meitsjen. De twa binne meinommen nei it buro. By de bestjoerder is in bloedproef ôfnommen.