Skylge: freonebân mei Vardø

Skylge krijt mooglik in freonskipsbân mei it Noarske eilân Vardø. It kolleezje fan B&W sil dêr tiisdei in beslút oer nimme. Vardø is in eilân dêr't Willem Barentsz op syn tochten west hat. De ûntdekkingsreizger is berne op Skylge en libbe yn de 16de ieuw. It fersyk om te kommen ta in freonskipsbân komt fan de Noaren.
Vardø leit boppe de poalsirkel, tsjin Ruslân oan. Skylge wol gearwurkje mei Vardø op it mêd fan kultuer en enerzjy.