8 Fryske terrassen yn top 100

06 jul 2008 - 11:24

Der steane acht Fryske horeka-saken yn de earste terras-top 100. De ranglist is gearstald troch útjouwerij Misset. It Fryske terras dat it bêste skoart is dat by de Griffel yn Hollum op it Amelân. Dat stiet op it 33ste plak, flak foar Onder de Linden yn Snits.

By de earste fyftich steane fierder noch it terras by ytkafee de Buurman op it Hearrenfean en dat by De Markies yn Ljouwert. By it gearstallen fan de top 100 is sjoen nei de betsjinning en nei hoe't it terras der útseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)