Krappe oerwinning Cambuur

06 jul 2008 - 11:08

Sportclub Cambuur hat de twadde oefenwedstriid fan de tarieding mei 3-0 wûn fan in regioseleksje fan Aldwâld. Dêryn diene ûnder oaren spilers mei fan fjirdeklassers WTOC, Friese Boys en Eanjum.

Cambuur kaam dreech op gong en foar de sawat 2000 taskôgers wie der net in protte te genietsjen. Pas nei it skoft koe Cambuur skoare. Nassir Maachi, Erik Wegh en Anco Jansen soargen foar de 3-0 einstân. Tiisdei spilet Cambuur tsjin de amateurs fan Nijlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)