Wâldgieltsje krijt karmerk

06 jul 2008 - 09:49

De ierappel it Wâldgieltsje hat it sertifikaat 'erkend streekprodukt' krigen. Dat betsjut dat de ierappel op in duorsume wize produsearre is en dat it garandearre is dat er út de streek komt wêrfan't sein wurdt dat er weikomt.

It karmerk is bedoeld as stipe foar de produksje en promoasje fan streekprodukten. It sertifikaat waard sneon útrikt troch deputearre Andriesen, op in spesjale Wâldgieltsje-dei yn de Kruidhof yn Bûtenpost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)