Minder riders op simmeriis

06 jul 2008 - 09:11

Goed 4.000 reedriders hawwe de ôfrûne trije wiken gebrûk makke fan it simmeriis yn Thialf op it Hearrenfean. Dat binne sa'n tûzen minsken minder as ferline jier. Thialf-direkteur Nieweg tinkt dat de betide simmerfakânsje foar it noarden mei de mindere opkomst te meitsjen hat. Der is takom jier wol wer gewoan simmeriis yn Thialf.

It wie foar de achtste kear dat der simmerdeis riden wurde koe. Sneon wie de lêste dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)