Ferlies foar Fryske ljeppers

05 jul 2008 - 17:30

De Fryske fierljeppers hawwe sneon yn Polsbroekerdam de jierlikse twakamp tsjin de Hollanners ferlern mei in ferskil fan 2.27 meter. Wol wie der winst by de senioaren foar Bart Helmholt út Hurdegaryp. Hy sette mei 19.98 meter de bêste prestaasje fan in Fries dit seizoen del.

It is de twadde kear sûnt 2000 dat de Friezen ferlieze fan de Hollanders. Sawol by de jonges, de froulju as de senioaren wie der ferlies. Allinne de Fryske junioaren boekten winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)