Ljouwerter oppakt foar heling

05 jul 2008 - 13:02

Op it Cambuurplein yn Ljouwert is freed in 40-jierrige man út de stêd oanhâlden foar heling fan in brommer. De brommer wie freedtemoarn stellen. In famyljelid fan de eigner seach de fertochte de jûns mei de brommer riden en belle de eigner. Dy hat op syn beurt de plysje belle.

De fertochte wie in supermerk yngien en doe't er wer bûten kaam, hawwe de eigener en it famyljelid him oan de praat hâlden oant de plysje kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)