Kamera's Noardwâlde bliuwe

05 jul 2008 - 12:25

De gemeente Weststellingwerf hat besletten dat de kamera's dy't sûnt 2006 by multifunksjoneel sintrum 't Vlechtwerk yn Noardwâlde hingje, dêr de kommende jierren bliuwe moatte.

De kamera's binne twa jier lyn ophongen, omdat jongeren dêr foar in soad oerlêst soargen. Dy oerlêst is bot minder wurden, mar de gemeente jout oan dat kamera's noch net fuort kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)