Hege sifers yn hjerringtest

Poerbêste hjerring yn Harns
Twa Fryske fiskhannels skoare heech yn de jierlikse hjerringtest fan it Algemeen_Dagblad. Fiskhannel Dirk en Marja yn Harns hat de bêste hjerring fan Fryslân, neffens it AD. Hy krijt in njoggen. Dat sifer krijt de saak fan Arjan_Vos yn Easterwâlde ek. De saken steane op it tolfde en sechtjinde plak yn de hjerringtest.
Supermerk Poiesz yn Aldehaske krijt in twa foar de hjerring en is yn de test de Fryske fiskferkeaper dy´t it leechste skoart.