Berne-opfang yn tsjerke Grou

Bern fan berne-opfang Sisa yn Grou wurde meikoarten opfongen yn in tsjerkegebou. It gebou wurdt net mear brûkt troch de grifformearde gemeente. Sisa socht al in skoft om in nij plak om´t de plannen foar in brede skoalle hieltyd útsteld waarden. Ek oare plannen foar opfang in tydlike units giene net troch.
De gemeente is dwaande mei in nij plan foar de brede skoallen yn Grou en Akkrum. Sisa hopet noch hieltyd dat der ek de berne-opfang yn komt.