'Bern moatte op opfang leare'

04 jul 2008 - 12:41

Bern op de berne-opfang moatte mear leare. Dat is it advys fan de Underwiisried. Op de opfang moat in edukatyf programma komme foar alle bern tusken de twa en fjouwer jier. Bern soene fjouwer deidielen yn de wike nei de kres moatte.

Berne-opfangorganisaasje Catalpa mei 14 festigings yn Fryslân, fynt it plan fan de Underwiisried gjin goed idee. De bern leare al_boartsjend ek al in hiel soad. In spesjaal lesprogram is net nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)