Bou Poiesz Stiens leit stil

de bou fan de winkel yn Stiens leit stil
Supermerkbedriuw Poiesz ferwachtet yn it earste fearnsjier fan 2009 syn nije supermerk yn Stiens te iepenjen. De bou leit foarearst stil. Twa oare supers út it plak hawwe by de rjochter mei sukses beswier makke tsjin de boufergunning. Dêrby binne proseduereflaters makke. Der mei no net fierder boud wurde, wylst it kasko fan it nije gebou al hast klear is.
Mei in nije boufergunning soe it wurk noch ôfmakke wurde kinne.