Tamminga 1e op list wetterskip

© Omrop Fryslân
Lieuwe_Tamminga is listlûker foar de VVD by de wetterskipsferkiezings. De Ljouwerter hat al de nedige ûnderfining, want hy is op it stuit lid fan it deistich bestjoer fan Wetterskip_Fryslân.
Op it twadde plak stiet Lolkje_Efdé-Kleefstra út Gytsjerk. Ek sy is gjin ûnbekende fan it wetterskip. Se wie earder algemien bestjoerslid by Wetterskip Fryslân en sit no foar de VVD yn ´e gemeenteried fan Tytsjerksteradiel.