Wolvegeaster stekt mei mes

04 jul 2008 - 10:01

De plysje fertinkt in man (71) út Wolvegea fan swiere mishanneling. Oanlieding wie spul oer in parkearde oanhingwein. Dy wie troch in frou (27) út Wolvegea delsetten tsjinoer it hûs fan de man. Nei´t se praat hiene, sloech er de frou. In ynwenner (36) fan Wolvegea bemuoide him dermei en hy waard dêrop troch de fertochte mei in mes yn ´e earm stutsen.

It slachtoffer is nei it sikehûs rekke. De plysje hat de 71-jierrige Wolvegeaster oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)