Huverich foar sykte fan Weil

03 jul 2008 - 21:05

De provinsje Fryslân is de ôfrûne wike ferskate kearen belle oer de sykte fan Weil yn relaasje mei it gefaar om yn iepen wetter te swimmen. Dat barde nei oanlieding fan de plysjeman dy´t stoarn is oan de sykte nei in helpaksje op it Prinses_Margrietkanaal by Grou fan in pear wike ferlyn.

De GGD lit witte dat der krekt as oare jierren feilich swommen wurde kin op de 52 offisjele swimplakken yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)