Suver Nuver hâldt dermei op

03 jul 2008 - 14:48

Toanielselskip Suver_Nuver hâldt dermei op. Dat komt omdat it Fûns foar de Poadiumkeunsten gjin subsydzje mear jaan wol. It toanielselskip is net fan doel om dêrtsjin yn berop te gean.

Suver Nuver, oprjochte yn 1987, hat in Fryske eftergrûn. Koartlyn diene de leden noch in grut tal optredens op it Oerolfestival op Skylge. It subsydzje-advys fan it Fûns foar de Poadiumkeunsten is krekt bekendmakke. Offisjeel moat it bestjoer noch in beslút nimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)