Bibleteek Bilgaard freed iepen

03 jul 2008 - 12:30

De nije bibleteek fan Bilgaard yn Ljouwert giet freed echt iepen. Dan komt in ein oan de needoplossing dy´t ferline jier troffen waard.

De bibleteek fan Bilgaard gong twa jier lyn ticht, nei de grutte brân yn it winkelsintrum. Ferline wike woansdei soe de bibleteek wer iepen yn in nij gebou. Op it lêste momint die bliken dat de nije stellingkasten net op tiid levere wurde koene. Tongersdei wurde 15.000 boeken ferhuze nei de nije bibleteek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)