Mei 100 km dwers troch Driezum
De plysje hat woansdeitejûn in jonge autorider (18) út Dokkum oanhâlden. Hy foel op doe´t hy mei hege snelheid troch Driezum ried. Sa gong er mei 100 kilometer yn de oere troch de beboude kom.
De plysje koe him op de Doniawei yn Damwâld oan de kant sette. Hy hat in prosesferbaal krigen en koe it rydbewiis fuortendaliks ynleverje.