Sinnekracht acht yn Fryslân

© Omrop Fryslân
It moaie waar mei tropyske temperatueren fan fier oer de tritich graden hâlde Fryslân woansdei yn de besnijing. By de Burgumerdaam waard sels 37 graden metten. Rûnom yn de provinsje leinen rekreanten en toeristen yn de sinne en yn it wetter. It koe noch krekt, want foar woansdeitejûn is der tonger en rein foarspeld.
Neffens it KNMI wie it woansdei sinnekracht 8 en dat is útsûnderlik. De iepenloftswimbaden wiene grôtfol.