SLAL hâldt op mei SLAL-jûnen

SLAL hâldt op mei SLAL-jûnen
Nei 25 jier hâldt de Stichting Litteraire Activiteiten yn Ljouwert op te bestean. Yn dy tiid organisearre de literêre klup in grut tal gruttere en lytsere literêre manifestaasjes.
Bekende skriuwers lyk as W.F.Hermans, Adriaan van Dis en Hella Haasse waarden nei Ljouwert helle. De SLAL makket it kommende seizoen ôf mei ûnder oaren in grut dichtersfestival yn it ramt fan it Frysk Festival mei ûnder oare Gerrit Komrij, Kader Adbollah en Breyten Breytenbach.