Support en Co wol groeie

02 jul 2008 - 11:44

De Fryske supermerkûndernimming Support en Co wol noch dit jier tsien nije supermerken iepenje troch it hiele lân. Woansdei iepene de fjirde supermerk fan it bedriuw har doarren yn Jirnsum, mar derneist wurdt der op it stuit drok ûnderhannele oer in grut tal oare lokaasjes.

Al mei al soene der oer in jier goed 22 supermerken fan Support en Co wêze moatte. It bedriuw nimt doarpssupermerken dy't mei ferlies draaie oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)