Undersyk nei sykte fan Weil

Rotten kinne de krupsje oerbringe
GGD Fryslân docht ûndersyk nei de sykte fan Weil yn it Prinses Margrietkanaal. Der binne meunsters naam fan it reit langs de kant. De sykte sit net allinnich yn it wetter, mar kin ek yn fochtige planten en modder foarkomme. Yn it wetter by Grou wurde ek rotten fongen foar ûndersyk.
Dat falt net ta, want de bisten litte harren net sa maklik fange. It ûndersyk wurdt dien omdat koartlyn in plysjeman út Kampen oan de sykte ferstoarn is.