Ynbraak yn sylboat Snits

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei twa jonge Snitsers oppakt. Dy wurde fertocht fan in ynbraak yn in sylboat yn har wenplak. De ynbraak waard sjoen troch in foarbygonger, dy't foto's makke fan de jonges. Doe't de jonges dat yn 'e gaten krigen, giene se der fan troch.
De plysje en de tsjûge koene se lykwols letter oanhâlde. It giet om twa jonges fan 13 en 16. By de ynbraak wie noch in tredde jonge belutsen, de plysje wit yntusken wa't dat is. Hy moat him melde op it plysjeburo.