Bart Helmholt wer op koers

01 jul 2008 - 23:16

Fierljepper Bart Helmholt hat de smaak fan it winnen wer te pakken. Nei in pear strieminne wiken wie hy tiisdeitejûn yn Burgum wer de bêste mei in sprong fan 19.55 meter. Twadde waard syn broer Thomas Helmholt mei in persoanlik rekord fan 18.80. Henk Schievink wie tredde mei 18.70.

By de junioaren wûn Sjoerd Hobma mei in persoanlik rekord fan 18.18. Anna Jet Leyenaar wûn foar de alfde kear by de froulju mei 14.51. By de jonges wie Hans Ulco de Boer de bêste mei 16.40.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)