B&W Ljouwert rydt op ierdgas

01 jul 2008 - 20:37

It kolleezje fan B & W fan de gemeente Ljouwert rydt de kommende jierren mei ierdgas-auto's. De gemeente sil twa auto's fan it merk Audi lease by in garaazje yn Ljouwert.

It kolleezje fan B&W wol it goeie foarbyld jaan. Ljouwert hat al mear auto's dy't op alternative brânstoffen ride. De twa auto's op ierdgas kostje de gemeente jierliks 4500 euro mear. De brânstofkosten binne lykwols 2000 euro leger yn't jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)